Fytser skept by Skearnegoutum

04 jul 2014 - 18:36
Ambulânse - Foto: Omrop Fryslân

In 71-jierrige fytser út Reduzum is freedtemiddei ferwûne rekke by in botsing op de Ivige Leane by Skearnegoutum. It slachtoffer en har man woenen de Nijlânsdyk oerstekke. De man stoppe, mar de frou net. Sy waard skept troch in automobilist (42) út Wommels.

De frou is mei ferskate botbreuken en ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)