Jild foar Drents-Friese Wold

04 jul 2014 - 15:25

De provinsjes Fryslân en Drinte krije hast trije miljoen euro Europeeske subsydzje foar it Drents-Friese Wold. Dat jild is bestimd foar de útfiering fan wettermaatregels yn it natuergebiet. It gebiet wurdt minder droech makke.

Der komt yn totaal 90 hektare oan ûnder mear wiete heide by. It is de twadde kear dat Fryslân jild út it Europeeske fûns foar natuer en miljeu krijt. Earder krige de provinsje ek 3 miljoen euro foar de Alde Feanen.

Trefwurden: 
Drents-Friese Wold
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)