Mei slok op sûnder rydbewiis

04 jul 2014 - 10:01

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed op De Gordyk in 24-jierrige man út Drachten oanholden foar it riden yn in ûnfersekere auto en sûnder jildich rydbewiis. By in azemtest die boppedat bliken dat de man tefolle dronken hie. Syn auto is yn beslach naam, om't de man ek al earder yn oertreding wie.

Trefwurden: 
plysje drankrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)