'Utkeapje wenning ûnder mêst'

04 jul 2014 - 09:58

Minsken dy't rjocht ûnder in heechspanningsmêst wenje, kinne útkocht wurde troch it Ryk. Dat hat minister Kamp witte litten oan de húseigeners. Yn Fryslân giet it om ien wenning yn de gemeente Eaststellingwerf. Yn hiel Nederlân giet it om 375 wenten.

De útkeap is frijwillich en sil fan 2017 ôf plakfine. Neffens minister Kamp is der gjin sprake fan ûnfeilige situaasjes.

Ek heechspanningskabels dy't boppe de grûn rinne sille foar safier mooglik ûnder de grûn brocht wurde. Dat is it gefal yn de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Smellingerlân. Dizze gemeenten moatte hjir wol oan meibetelje, neffens minister Kamp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)