Poging ta stellerij fan disel

© Foto-ympresje
Diseldieven hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei besocht disel te stellen by in bedriuw oan de Fahrenheitstrjitte yn Harns. De dieven knipten in gat yn it gaaswurk om op it terrein te kommen. Ut de brânstoftank waard de disel oerhevele yn seis jerrycans.
Nei alle gedachten binne de dieven steurd by de stellerij en doe útnaaid, want de fulde jerrycans binne op it terrein fûn.