Spannende striid sinneboatrace

In spannende einstriid tekenet him ôf yn de heechste klasse by de sinneboatrace Dong Energy Solar Challenge. Yn de A-klasse giet de striid om de titel tusken it NHL Solarboat Racing-team út Ljouwert en it Scigrip Solarboat team út Poalen. De Ljouwerters hawwe mei noch twa dagen te gean in foarsprong fan seis minuten op de Poalen.
Mei de finaledei fan sneon yn it sicht fjochtsje de sinneboaten tongersdei om de winst yn Harns. Op it programma stean in endurance-útdaging en in sprintwedstriid yn sâlt wetter.