Dei twa Tall Ships Races Harns

De tallships yn Harns begjinne freed oan harren twadde dei fan de Tall Ships Races 2014. Fjouwer dagen lang brûst de havenstêd mei allerhanne races, feesten en aktiviteiten. Oant en mei snein binne tsientallen skippen yn de ferskillende havens te sjen.
De skippen binne yndield yn fjouwer ferskillende klassen. Sa wurdt der sjoen nei de lingte fan it skip, de wetterlinelingte en it type seilen dêr't gebrûk fan makke wurdt. Ek hinget it der fan ôf oft it skip modern of tradisjoneel is.