H'fean wint 6-1 fan Bûtenpost

SC Hearrenfean hat tongersdeitejûn de oefenwedstriid tsjin VV Bûtenpost mei 6-1 wûn. Yn de earste helte makken Pascal Huser en Bilal Basacikoglu de doelpunten. Nei de rêst gong it rapper mei de goals: Luciano Slagveer scoarde trije kear en ek Yanic Wildschut fûn it net.
Jorrit Terpstra makke de earetreffer foar VV Bûtenpost.