Bestjoerders faunafûns opstapt

03 jul 2014 - 19:52

Peet Sterkenburgh fan Ferwâlde is út it bestjoer fan it faunafûns stapt. Sterkenburgh is bestjoerder fan LTO-Noard, mar siet op persoanlike titel yn it faunafûns. Dêr stapt er no út, omdat er lilk is oer de besunigings fanút de provinsjes.

Benammen it feit dat der minder jild beskikber is foar skeafergoedings, fynt Sterkenburch in grut probleem. Boppedat wurde dizze koartings oplein sûnder goed oerlis mei it bestjoer fan it faunafûns, seit Sterkenburgh.

Ek Peter de Koeijer út Seelân is om dizze reden opstapt by it faunafûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)