Wenningkorporaasjes yn 1 gebou

03 jul 2014 - 19:14

Wenningkorporaasjes Elkien, De Wieren en Accolade sitte sûnt dizze moanne op ien lokaasje oan de Almastrjitte yn Snits. Elkien en De Wieren wurken al gear op dizze lokaasje, Accolade is dêr no by kaam.

De wenningkorporaasjes diele in kantoar om kosten te besparjen. Ek online hawwe de trije bedriuwen de hannen ynien slein, mei in webside dêr't alle beskikbere hierwenten op te finen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)