Kommisje beoardielt wynplannen

03 jul 2014 - 17:57

Pieter Winsemius set healwei dizze moanne útein mei in kommisje dy't alle plannen fan Fryslân foar de Wyn beoardiele sil. Ofrûne moannen binne der 58 inisjativen foar lytse wynparken yntsjinne by Fryslân foar de Wyn, in gearwurkingsferbân fan de Fryske Miljeufederaasje, it Platfoarm Duorsum Fryslân en it komitee Hâld Fryslân Moai.

De kommisje, mei Winsemius as foarsitter, beoardielt de kommende moannen oft de yntsjinne plannen helber binne. Ein septimber moat it ûndersyk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)