Plannen MFS Eanjum presinteard

03 jul 2014 - 17:22

Wurkgroep De Dobbe en de NAM (Nederlandse Aardolie Maatschappij) hawwe woansdei de plannen foar it nije MFS yn Eanjum presintearre. Mei de komst fan in nij NAM-kantoar yn it doarp is finansjele romte frijkaam om it doarpshûs te slopen en opnij te bouwen. Der komt ûnder oare romte foar in fysiopraktyk, kapper, de thússoarch en in bernedeiferbliuw.

Sawol ynwenners fan Eanjum as de riedsleden fan Dongeradiel hawwe de presintaasje fan de plannen sjoen. De oanwêzigen wienen neffens de wurkgroep posityf oer de nijbou.

Trefwurden: 
doarpshûs NAM Eanjum MFS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)