H'fean treft Roda JC yn beker

03 jul 2014 - 14:56

Sportklup Hearrenfean spilet yn de twadde ronde fan de KNVB-beker út tsjin Roda JC yn Kerkrade. SC Cambuur hat ek in útwedstriid lotte tsjin FC Den Bosch. De lotting foar de KNVB-beker wie tongersdei. De wedstriden fan Hearrenfean en Cambuur sille spile wurde op 23, 24 of 25 septimber.

Dêrfoar wurdt de earste ronde fan de KNVB-beker noch spile mei allinne amateurklups. ONS Snits spilet dêryn út tsjin MSC út Meppel en FVC út Ljouwert nimt it thús op tsjin Sportlust '46 út Woerden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)