Wurk foar 50-plussers yn kas

03 jul 2014 - 12:17

Yn de grientekassen fan Overbeek yn Bitgum wurkje op it stuit sa'n tweintich minsken dy't oars dreech te bemiddeljen binne op de arbeidsmerk. It giet om allegear 50-plussers. Sy binne oan it wurk holpen troch it bedriuw Green Choices út Ryptsjerk. Der wienen sa'n 300 sollisitanten foar it wurk yn de kassen.

Tongersdeitemiddei organisearje Green Choices en it UWV in iepen dei foar politisy en bestjoerders om sjen te litten dat in bedriuw net benaud hoecht te wêzen om âldere wurknimmers oan te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)