Doarpskearn Twizel oanpakt

03 jul 2014 - 11:47

It doarpsgefoel yn Twizel moat weromkomme. Dat gefoel is minder wurden troch de drokke N355, de provinsjale dyk tuken Ljouwert en Grins, dy't dwers troch it doarp rint. Elke dei ride sa'n 9.000 auto's mei 70 km/oere troch it doarp. Dizze simmer wurdt de doarpskearn oanpakt en komt der in nije maksimum snelheid.

Wethâlder Max de Haan en deputearre Sytske Poepjes joegen tongersdei it offisjele startskot. Troch de wurksumheden is de dyk dizze simmer ôfsletten. Fan 21 july oant 29 augustus moat men omride oer Burgum en Surhústerfean.

Trefwurden: 
Twizel N355 doarpskearn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)