Part Zuyderzeekolleezje swak

Ien fan de ôfdielings fan it Zuyderzeekolleezje op De Lemmer krijt fan de ynspeksje foar it ûnderwiis de beoardieling tige swak. It giet om it vmbo-gt (gemengd theoretische leerweg). De ôfdieling krijt de beoardieling ûnder oare omdat de learlingen dêr minder goed presteare as op fergelykbere skoallen. Ek foldocht de lesstof yn de ûnderbou net oan de wetlike easken en krije learlingen dy't min prestearje te let of gjin help.
De skoalle hat fan de ynspeksje de opdracht krigen om it ûnderwiis binnen twa jier te ferbetterjen.