Undersyk sfear Smellingerlân

03 jul 2014 - 10:13

De arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn nei de wurksfear op it gemeentehûs fan Smellingerlân. De ynspeksje is ynskeakele troch in groep amtners en âld-amtners dy't sizze dat se yn de ôfrûne jierren geregeld yntimidearre binne troch har liedingjaanden. De gemeente hat sels ûndersyk dwaan litten nei de wurksfear en seit dat der wurke wurdt oan ferbetterings.

De groep amtners hat dêr net folle fertrouwen yn. De ynspeksje sil besjen hoe't it stiet mei de psycho-sosjale belesting op it gemeentehûs yn Drachten.

It is noch net dúdlik op wat foar termyn dat ûndersyk dien wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)