Blog: Op nei de kwartfinales!

03 jul 2014 - 08:54

Op nei de kwartfinales!

Twa dagen sûnder fuotbal, twa dagen om efkes te bekommen. Want wat in prachtige wedstriden hawwe we sjoen yn de achtste finales fan it WK fuotbal. Leafst fiif kear moast der in ferlinging of sels strafskoppen oan te pas komme om te bepalen hokker lân trochgie nei de kwartfinale. Dy spanning en de emoasjes dy’t der frijkomme, dêr genietsje ik fan. Dat is wat sport sa moai makket.

It ferskil tusken ‘grutte’ en ‘lytse’ lannen wurdt hieltyd minder. Dútslân hie muoite mei Algerije, Argentinië hie it dreech tsjin Switserlân en Brazilië hie likegoed al útskeakele wêze kind. Op Kolombia nei, is der net ien lân dat écht oertsjûgjend troch it toernoai rûgelet. Nederlân hat fansels wol alle wedstriden wûn, mar maklik gie it net tsjin Meksiko. De bylden fan Robben, Sneijder, Kuyt en Huntelaar yn dy wedstrid binne al in protte werhelle, mar se bliuwe moai om te sjen. Oranje strielt ienheid út, dêr kin de ploech in ein mei komme!

Yn it IBC wurdt it stadichoan rêstiger. In protte bûtenlânske kollega’s binne al nei hûs, om’t harren lân net mear meidocht. De measte omroppen kinne it dan wol mei minder minsken ôf. Mar wy sitte der noch mei de hiele ploech, lykas de Belgen. Yn de heale finale kinne we elkoar tsjinkomme, we ha it der stikem al in pear kear oer hân. Mar safier is it noch net fansels!

Earst moat Nederlân noch winne fan Kosta Rika en België fan Argentinië. En dêr moat fansels oer praat wurde. De iene nei de oare bûtenlânske sjoernalist kloppet by ús op ‘e doar foar in foarskôging. Der moatte hiel wat oerkes radio en tillevyzje mei it WK fuotbal fold wurde oer de hiele wrâld. Sa fûn ik mysels werom yn de studio fan Sky Italia om te fertellen oer de kracht fan Oranje en Louis van Gaal. Gelokkich mocht ik yn it Ingelsk antwurdzje, want yn it Italiaansk kom ik net folle fierder as ‘arrivederci’. En dan krije je in hiel koart petear…

Ik hoopje dat de kwartfinales like spannend wurde as de foargeande wedstriden. In protte minsken neame it no al ‘it moaste WK dat se meimakke ha’. Der wurdt in protte skoard en de ploegen binne oan elkoar weage. It sil my benije wa’t de bêste fjouwer lannen fan dit WK wurde. It kin dochs hast net oars of Nederlân sit derby?

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Trefwurden: 
argyf WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)