Byld Foekje by Belvédère

02 jul 2014 - 21:54

By museum Belvédère is woansdeitejûn it byld ûntbleate dat Ids Willemsma makke hat om Foekje Dillema te betinken. It 3,5 ton swiere stielen byld stelt de skonken foar fan de hurdrinster by de start. Atlete Foekje Dillema rûn yn 1950 in wrâldrekôr op de 200 meter, mar de prestaasje waard ôfkard om't der oan twivele waard oft se genetysk wol in frou wie. Se hat noait wer draafd.

Willemsma hie syn byld bedoeld foar Boerum, it wenplak fan Dillema, mar it is dêr net realisearre fanwege de hege kosten.

Yn Boerum stiet sûnt 31 maaie in oar byld foar har, makke troch keunstner Frans Smeets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)