Nijkleaster kin ferboud wurde

02 jul 2014 - 20:20

De Stichting Nijkleaster yn Jorwert hat sûnt ein maart 80.000 euro by elkoar helle foar de ferbouwing fan de Radboudtsjerke. It gebou wurdt troch de stichting omboud ta in protestantsk kleaster. De belangstelling foar de aktiviteiten is sa grut dat in ferbouwing needsaaklik is.

Yn de foartsjerke sil in twadde ferdjipping oanbrocht wurde. De ferbouwing is ûndertusken begongen en sil mids septimber klear wêze. Santich minsken hawwe elk tûzen euro jûn en ek de provinsje hat in bydrage jûn. De totale ferbouwing kostet 156.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)