Catharina is de moaiste

02 jul 2014 - 18:23

De boeier Catharina wurdt by de iepening fan de Snitswike presintearre as boat fan it jier. De Catharina fart alle jierren by de floatskou de panskipper troch de grêften fan Snits. De boeier hat ek in histoarysk ferline en dat hat foar Sneek Promotion reden west om it skip en syn bemanning yn it sintsje te setten en te bedanken foar de frijwillige ynset yn al dy jierren.

It skip is boud yn 1904 op de werf fan Lantinga yn Drylts yn opdracht fan jonkhear Van Sminia fan Aldtsjerk en is dêrnei de hiel wrâld oergien.

Yn 1990 is it skip úteinlik weromkommen yn Fryslân, de boeier is no yn behear by de Stichting Boeier Catharina.

Trefwurden: 
Snitswike Catharina
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)