Lantearnepeallen fuort yn DFM

02 jul 2014 - 16:43

Yn gemeente De Fryske Marren wurde 57 lantearnepeallen fuorthelle. It fuortheljen is net hielendal sûnder risiko, omdat yn de ûnderkant fan de ljochtmêsten asbest sit. In ekstern bedriuw sil de lampen dêrom foar de gemeente oprêde.

De gemeente hat de omwenners ynformearre oer it wurk dat nije wike begjint. Om elke peal wurdt in stik fan fiif by fiif meter ôfset en fiere minsken yn beskermjende klean de lampepeallen ôf. De lantearnepeallen binne nei 40 jier ôfskreaun. Net alle lampen wurde ferfongen om't op dy plakken al genôch ljocht is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)