Airbags stellen yn Nijehaske

02 jul 2014 - 16:30
Foto: ANP XTRA

By in autobedriuw yn Nijehaske binne tiisdei 43 airbags stellen út auto's. De dieven hawwe taslein by sawol nije as twaddehâns auto's op it Businesspark Friesland-West. Der binne ferskate wurkwizen brûkt om de airbags út de auto's te brekken. De plysje siket tsjûgen fan de stellerij.

(advertinsje)
(advertinsje)