Skeel oer beammen yn Húns

02 jul 2014 - 12:05

De kastanjes by de tsjerke fan Húns soargje foar in skeel tusken de gemeente Littenseradiel en de tsjerkeried. De beammen binne siik, mar meie net kapt wurde. De gemeente jout gjin fergunning, omdat it neffens in saakkundige wol tafalt. De beammen binne net siik genôch om kapt te wurden.

De tsjerkeried wol de beammen wol fuorthelje om gefaarlike situaasjes foar te kommen en om mear ljocht op it hôf en de tsjerke te krijen. De kastanjes binne yn 1945 plante omdat de besteande beammen yn de oarloch opstookt binne troch de doarpsbewenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)