Skippen komme al yn Harns oan

Grutte skippen farre Harns woansdei al binnen foar de Tall Ships Races dy't tongersdei begjinne. It Nederlânske skip Europa út 1911 is mei alle seilen op ûnderweis en ek it Noarske Statsraad Lehmkuhl komt oan. Dat skip fan hast 100 meter wurdt troch in loadsboat en slepers de haven ynhelle.
Tongersdei komme der noch in tal grutte skippen binnen mei de Sail Inn. It langste skip is 124 meter. De Tall Ships Races yn Harns duorje oant en mei snein.