Ferwûne by stekpartij yn Sumar

02 jul 2014 - 11:46

Yn Sumar is in 30-jierrige man tiisdei ferwûne rekke nei't er yn de skonk stutsen waard. Dat barde yn in hûs oan De Boarndobbe. It slachtoffer is in ynwenner út de gemeente Tytsjerkseradiel. De fertochte, in 29-jierrige man út deselde gemeente, melde him letter by it plysjeburo yn Burgum. De man sit noch fêst. De oanlieding foar de mishanneling leit yn de relasjonele sfear. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
plysje Sumar stekpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)