Ynsammelpunt fan sinnepanielen
It bedriuw Solar-Systemen út Surhústerfean begjint mei it earste ynsammelpunt foar sinnepanielen yn Noard-Nederlân. By it ynsammelpunt yn Surhústerfean kinne âlde panielen ynlevere wurde, dêrnei wurdt it materiaal op 'e nij brûkt. Solar-Systemen wurket dêrby gear mei it recycle-bedriuw PV-Cycle.