Drachtster stelt oanhingwein

02 jul 2014 - 10:45
Foto: Omrop Fryslân

In 24-jierrige man út Drachten is tiisdeitenacht oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in oanhingwein. In tsjûge seach hoe't de man op de Folgeren de karre meinaam en notearre it kenteken. De wein waard letter weromfûn op it Schuttersveld yn Drachten. De auto fan de fertochte is yn beslach naam. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten plysje stellerij
(advertinsje)
(advertinsje)