Waale fuort by Keunstwurk

02 jul 2014 - 09:52

Direkteur Renée Waale giet fuort by Keunstwurk. Nei alve jier hâldt se mei yngong fan 1 jannewaris 2015 op by de organisaasje. Se sil fierder as selstannige yn de kulturele sektor. 'Ik wol my rjochtsje op losse projekten dêr't keunst en maatskippij by mekoar komme', sa lit se witte. Dat kin neffens har as ûntwikkeler fan projekten, ynterimmanager of adviseur. It leafst docht se dat yn Fryslân.

Trefwurden: 
keunstwurk Renee Waale
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)