Start Young Solar Challenge

Acht sinneboaten fan de Young Solar Challenge dogge woansdei yn Snits mei oan de Dong Energy Solar Challenge. De Young Solar is in nij projekt by de boaterace. Acht middelbere skoallen ha de ôfrûne moannen in boupakket yn elkoar setten en sa in boat boud. Op dizze wize kinne jongeren op middelbere skoallen yn kontakt komme mei duorsume technyk.