'Bliid mei aksje sylskoallen'

Der komme tsientallen positive reaksjes binnen by Fryslân Marketing, nei oanlieding fan de aksje om minsken, dy't troffen binne troch it fallyt gean fan in oantal Fryske sylskoallen, út de brân te helpen. Bern dy't boekt hiene by in skoalle dy't fallyt gie en ek al betelle ha, kinne dochs nei in sylskoalle ta of krije it jild werom.
De aksje wurdt betelle troch de provinsje Fryslân, de oare sylskoallen yn Fryslân, gemeenten en Fryslân Marketing. Minsken skriuwe dat se o sa bliid binne mei de wize werop de provinsje Fryslân dit oanpakt.