'90 miljoen Drachten-It Fean'

01 jul 2014 - 20:07

Der wurdt de kommende jierren mear as 90 miljoen euro ynvestearre yn en om Drachten en It Hearrenfean. 75 miljoen euro komt fan de provinsje. Dat komt út de pot jild dy't Fryslân krigen hat foar it net trochgean fan it Suderseespoar. It jild giet nei 15 projekten dy't te krijen hawwe mei de berikberheid oer de dyk en it wetter.

Sa wurde de farwei nei Drachten en de binnenhaven oanpakt. Op It Hearrenfean wurdt ûnder oare de berikberheid fan bedriuweterrein IBF ferbettere.

De ferwachting is dat it ferkear op ferskate plakken om Drachten en It Hearrenfean hinne fêstrinne sil as der neat feroaret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)