Fjild VV Drachten fersmoarge

01 jul 2014 - 19:04

De ûndergrûn fan it keunstgersfjild fan VV Drachten is fersmoarge. Yn de ûndergrûn fan it keunstgers is sink oantroffen. Dit hat yn rubberen struimatriaal sitten dat by de oanlis brûkt is om it keunstgers te stabilisearjen. Neffens de gemeente Smellingerlân is der gjin sprake fan gefaar foar de folkssûnens.

De ûndergrûn sil troch de gemeente opromme wurde. Ek oare keunstgersfjilden yn de gemeente binne ûndersocht, mar dêr is neat oan de hân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)