'Maatregels foar ekstra trein'

Om in ekstra sneltrein ride te litten tusken Ljouwert en Grins moatte ferskate maatregels naam wurde. It kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert wol de oerwei by de Skrâns oanpasse. Ek moatte de perrons by de stasjons fan Ljouwert en Camminghabuorren ferlingd wurde. It stasjon 'Achter de Hoven' moat fuort, der moatte lûdsmaatregels naam wurde yn Camminghabuorren en feilichheidsmaatregels by de oergongen Oostergowei en it fabryk fan FrieslandCampina.
Neffens it kolleezje is de oanlis fan in tunnel foar saneamd 'stadich ferkear' net nedich. De ried wurdt no frege om in beslút te nimmen oer de te nimmen maatregels. De ekstra sneltrein soe yn 2018 ride moatte.