Provinsje stekt jild yn wurk

01 jul 2014 - 17:30

De provinsje Fryslân stekt in lytse 100.000 euro yn it sa gau mooglik oan it wurk helpen fan minsken mei in útkearing. Doel is om derfoar te soargjen dat wurkjouwers minsken, dy't in grutte ôfstân ha ta de arbeidsmerk, ynsette yn harren bedriuw. Fakatueres dy't dreech yn te foljen binne kinne hjirfoar brûkt wurde troch de wurksykjenden in oplieding te bieden.

It jild fan de provinsje is ûnderdiel fan it projekt Pastiel Werkt! Dit is ûnderdiel fan it provinsjale ynvestearingsprogramma om minsken oan it wurk te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)