Maarten de Jong wer by It Fean

Maarten de Jong is wer opnommen yn it Sportklup Hearrenfean nêst. De âld-fuotballer fan de Feansters sil de fuotbalclinics wer op poaten sette. Dat hat er earder ek dien. Boppedat sil De Jong oan 'e slach op de kommersjele ôfdieling fan de fuotbalklup en by de kidsklup. Oardel jier lyn wie it ynienen dien foar Maarten de Jong by syn âld klup. No is er werom en dat jout in goed gefoel.