Bestjoerswiksel by sikehuzen

01 jul 2014 - 12:50

Bestjoerders Wouter van der Kam fan it Antonius Sikehûs yn Snits en Peter Littooij fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten ferlitte Fryslân. Van der Kam giet oan de slach as foarsitter fan de ried fan bestjoer by it Zaans Medisch Centrum. Syn kollega Littooij makket de oerstap nei it Martinisikehûs yn Grins.

Van der Kam wie al acht jier bestjoerder by it Antonius yn Snits. Littooij wie sûnt twa jier oan de slach yn Drachten. Beide begjinne op 1 oktober yn de nije funksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)