Autohannel noch net út krisis

De autohannel profitearret noch net fan in opleving yn de ekonomy. Dat blykt út sifers fan it kennissintrum Aumacom. It tal ferkochte auto's is yn de earste helte fan dit jier opnij weromrûn. Yn totaal krigen in lytse 200.000 auto's in nije registraasje en dat is hast 6% minder as yn deselde perioade ferline jier. Foar it hiele jier ferwachtet Aumacom dat it tal ferkochte auto's sawat op itselde útkomme sil as yn 2013. Doe wienen dat der 415.000. Neffens de direkteur fan Haaima Peugeot giet it op dit stuit wol wat better.
Hy sjocht wol dat de merk feroare is. Auto's binne better en gean langer mei en dêr moat de brânzje rekken mei hâlde.