Feroarings yn bustiden Arriva

© Omrop Fryslân, Alle Faber
De bustiden fan Arriva yn Noard- en Súdwest-Fryslân feroarje mei yngong fan it kommend wykein (6 july). De feroarings sitte benammen yn de linen 28 (Ljouwert-It Hearrenfean), 95 (Ljouwert-De Jouwer) yn ferbân mei de wurksumheden oan de Drachtsterwei yn Ljouwert. Oare wizigings binne der yn line 52 (Dokkum-De Skâns), 62 (Ljouwert-Bûtenpost). Dêrneist feroaret de Qliner 315 tusken De Lemmer en Grins.