Van der Lee los op de N381

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It bedriuw Gebr. Van der Lee út ûnder oare Hagestein is as lêste oannimmer keazen foar de oanlis fan de nije provinsjale dyk tusken Drachten en de Drintse Grins. Van der Lee mei it stik tuken de Nanningawei en Venekoaten oanlizze. Yn dit stik sitte ûnder oare twa tunnels, ien by Venekoaten en ien by de Duisterewei.
Mei-elkoar hat de provinsje oan trije oannimmers opdrachten ferliend foar de oanlis fan de nije dyk. Dy moat ein 2015 klear wêze.