Man bedriget buorman mei mes
De plysje fertinkt in 42-jierrige ynwenner fan Sint Nyk fan bedriging. De man soe moandei syn 18-jierrige buorman mei in mes bedrige hawwe. Dat wie oan de Boskranne yn Sint Nyk. Wêrom't er dat die is net bekend. De fertochte is meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.