Heamieldagen mooglik langer

It stedhûs fan Boalsert
De organisaasje fan de Heamieldagen yn Boalsert ûndersiket oft der ek aktiviteiten komme moatte op snein. De feesten duorje no noch fan woansdei oant en mei sneon. Neffens de organisaasje binne de feesten altyd sa suksesfol dat der mooglik ferlet is fan útwreiding. Om der achter te kommen oft it publyk dat wol, wurdt der op de webside fan de dagen in enkête hâlden. Mocht der genôch belangstelling wêze, dan duorje de Heamieldagen fan takom jier ôf fiif dagen.