Smelle Ie wurdt feiliger

Wetterskip Fryslân is yn Drachten dwaande mei it opheegjen fan de wâlskanten fan de Smelle Ie. De hegere kanten moatte de feiligens ferbeterje. By it wurk wurdt rekken hâlden mei de blaustirnzen. Foar har wurde fûgelfreonlike wâlskanten oanlein. Der komt ek in ferbining mei fiif bunder greidelân.
Yn wiete perioaden kin it lân brûkt wurde as wetterberging. It wurk wurdt troch it wetterskip dien yn gearwurking mei de wurkgroep Blaustirns, it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en It Fryske Gea.