Huitema yn EU-lânboukommisje

De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea is tiisdei ynstallearre yn de wichtige lânboukommisje fan it Europeesk Parlemint. De ôfrûne fiif jier siet der net ien Nederlanner yn dy kommisje. Huitema - en ek lânbou-organisaasje LTO - fûn dat in minne saak, omdat lânbou wichtich is foar Fryslân en Europa drok oan de gong is mei nije regels foar de lânbousektor.
Huitema stie by syn partij, de VVD, op in ûnferkiesber sechde plak, mar krige nei in persoanlike kampanje op de trekker mear as 26.000 foarkarstimmen.
Huitema syn ferkiezingsbelofte wie dat hy him ynsette soe foar de lânbou en ek foar 'romte foar boeren om te ûndernimmen'. Neffens Huitema hat Europa yn it ferline te faak regels betocht dy't yn de praktyk net wurkje.
Troch in plak te feroverjen yn de lânboukommisje - dêr't syn partijgenoat Hans van Baalen him foar foardroegen hat - kin Huitema no yn alle gefallen oan de slach mei it Europeesk lânboubelied en syn ûnderfinings en ideeën dêr ynbringe. Huitema hat dêr ek in goede achtergrûn foar, want hy hat yn Wageningen feehâlderij studearre.