Friesland Bank út strjitbyld

30 jun 2014 - 21:10

It logo fan de Friesland Bank ferdwynt op 1 july definityf út it strjitbyld. Yn Ljouwert wurde de letters tiisdeitemoarn fan de gevel fan it haadkantoar helle. Goed twa jier ferlyn waard de Friesland Bank oernaam troch de Rabobank. It wie dúdlik wurden dat de bank bot lêst hie fan de kredytkrisis en net mear selsstannich oerlibje koe.

Moandei hiene de lêste 120 meiwurkers fan de Friesland Bank harren lêste wurkdei. Mei in slokje hawwe se ôfskied naam fan de bank dy't hûndert jier wurde mocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)