Opljochtsjende diken populêr

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
In metoade wêrmei't diken opljochtsje yn it ljocht fan koplampen wurdt hieltyd populêrder. De ekstra deklaach is foar it earst grutskalich brûkt op diken en fytspaden yn Achtkarspelen. Der sitte spesjale stientsjes yn dy't it ljocht wjerkeatse.
De gemeente Achtkarspelen hat de metoade brûkt om te besparjen op bûtenferljochting. Dat moat 100.000 euro opsmite. Akroh Slijtlagen leveret de reflektearjende deklaach. Se hawwe no al in pear hûnderttûzen fjouwerkante meter oan nije oarders binnenhelle út hiel Nederlân.