Wer Cambuurfans foar rjochter

© Omrop Fryslân
Njoggen Cambuursupporters moatte moandei foar de plysjerjochter ferskine fanwege wangedrach op 1 april, doe't krekt bekend wie dat Dwight Lodeweges nei SC Hearrenfean gean soe. Se wurde beskuldige fan iepenlik geweld, fernieling en bedriging.
Begjin juny waarden fjouwer oare Cambuursupporters al feroardiele ta selstraffen oant seis moanne foar bedriging oan it adres fan trainer Lodeweges. Se meie boppedat de kommende trije jier net yn de buert fan it stadion komme.