Klear foar Tall Ships Races

Harns is hast klear foar de ûntfangst fan tsientallen Tall Ships en hûnderttûzenen besikers. De logistyk wurdt de grutste útdaging, mar yn Harns tinke se dat se klear binne foar fjouwer dagen Tall Ships Races. Dy begjinne tongersdei en de ferwachting is dat der mear as 300.000 besikers nei de stêd komme. Tagelyk begjinne de skoalfakânsjes en gean de fearten fan en nei de Waadeilannen ek gewoan troch. Op dit stuit is de organisaasje dwaande mei de lêste tariedings.
De Noarske skipper Gisle Standal út Bergen is freed tegearre mei syn soan al yn Harns oankaam. It is de twadde kear dat Standal meidocht oan de Tallship Races. Yn 1997 die er ek mei, doe't der fan it Noarske Stavanger nei it Sweedske Göteborg fearn waard. Standal is bot sjarmearre fan de Fryske havenstêd. "It is de moaiste stêd dêr't ik ea mei myn boat hinne west haw. De minsken binne hjir hiel aardich. En ik hâld fan de gebouwen, de grêften en de skiednis dy't hjir sa dúdlik sichtber is."