Apparteminten yn kokosfabryk

It fertutearze kokosfabryk yn Harns krijt in nij libben as appartemintekompleks foar minsken mei in beheining. De ferbouwing is hast klear en alle fjirtjin apparteminten binne al ferhierd. It gebou wurdt op 18 july oplevere. Dan kinne de hierders deryn. Der hat in soad te dwaan west om it byldbepalend âld fabryk, dat jierrenlang leechstie en sloopt wurde soe. Aksjegroepen wisten de ôfbraak op te kearen.
It fabryk is yn 1942 troch de Dútsers boud as wapenreparaasjefabryk. Nei de oarloch kocht Van der Schoot it foar syn kokosmattefabryk.
Oannimmer Jelle Bruinsma kocht it gebou dêrnei. Hy krige tastimming fan de gemeente om der apparteminten foar minsken mei in beheining yn te bouwen.