4 ton foar taspraak Clinton

30 jun 2014 - 11:35

Bill Clinton hat 600.000 dollar, oftewol goed 400.000 euro, krige foar syn taspraak by de Konvinsje fan Achlum. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Washington Post. De eardere presidint fan Amearika spruts op 28 maaie 2011 yn Achlum fanwege it 200-jierrich bestean fan fersekerder Achmea. Dat waard grut fierd yn it doarp dêr't it bedriuw oprjochte is.

Bill Clinton hâlde in taspraak fan 45 minuten oer de takomst fan Nederlân. Achmea hat noait offisjeel nei bûten brocht wat de besite fan Clinton harren koste.

Yn in oersjoch fan Amerikaanske krante fan alle taspraken fan Clinton stiet dy yn Achlum by de trije bêst betelle taspraken fan 2011.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)